Fryske premjêre yn 2026 foar TC Teater: 

‘In bûsfol stiennen’

In bûsfol stiennen (orizjineel Stones in His Pockets fan Marie Jones) fertelt it ferhaal fan in lyts fiktyf Frysk doarp dat op ’e kop set wurdt as in grutte Hollywood-filmploeg delstrykt. Twa gewoane doarpsbewenners besykje mei te dwaan as figurant. Underwilens komt der noch in hiele rige kleurrike personaazjes lâns: fan ambisjeuze akteurs en hurde regisseurs oant hoopfolle dreamers en teloarstelde minsken.

Mei in soad humor, rappe rolwikselingen en skerpe dialogen lit it stik sjen wat der bart as grutte ambysjes botse mei de werklikheid. Under it laitsjen sit in gefoelich ferhaal oer identiteit, wearde, en hoe’t minsken sjoen, of krekt net sjoen wurde. In bûsfol stiennen is in enerzjike, tûke en ûntroerende foarstelling dy’t dy fan begjin oant ein meinimt.

- Freed 30/10/26 om 20:15 - Ons Gebouw yn Boalsert (te-gast by Boog)
- Freed 13/11/26 om 20:15 - Theater Sneek (te-gast by It Snitser Toaniel)
- Sneon 14/11/26 om 20:15 - Theater Sneek (te-gast by It Snitser Toaniel)
- Sneon 28/11/26 om 20:15 - Theater de Bres yn Ljouwert
- Sneon 23/01/27 om 20:15 - It Swettehûs yn Skearnegoutum

Foarstellingen

True West

6, 7, 13 & 14 oktober 2023. 
Mei Matthie Silvius, Marius den Otter, Theo Jager & Chris Marijt. 
Ûnder rezjy fan Dirk de Vries.

Kamelen

19, 20 & 25 oktober 2024. 
Reprize 17 oktober 2025.
Mei Theo Jager & Chris Marijt. 
Ûnder rezjy fan Sylvia Beintema


In bûsfol stiennen

30 oktober, 13, 14 & 28 novimber 2026 & 23 jannewaris 2027. 
Mei Theo Jager & Chris Marijt. 
Ûnder rezjy fan Bruun Kuijt.