Kamelen
Op 19, 20 & 25 oktober 2024 spile TC Teater harren twadde produksje. De Fryske premjêre fan Kamelen. In stik fan de Vlaamske skriuwer Luk Gijsbrechts. Oersetten troch Gurbe Dijkstra. De rezjy wie yn hannen fan Sylvia Beintema. Kamelen is trije kear foar in útferkochte seal yn it Swettehûs te Skearnegoutum spile.
Cast & Crew Kamelen
Chris Marijt
- 1
Doe’t ik ‘Kamelen’ foar de earste kear lies, seach ik fuort allegear bylden foar my. Absurdistysker as dit, kinst it yn myn eagen hast net krije. Skriuwer Luk Gijsbrechts hat op in tûke manier twa komyske personages útskrean. Hooplik kinne wy dizze twa manlju krekt sa aardich delsette as dat ik er sels by tiden hurd om lake ha, ûnder it repetysjeproses. Graach presintearje ik jo: de Fryske premjêre fan ‘Kamelen’. Troch TC Teater.
Theo Jager
- 2
Ferline jier spilen wy mei TC Teater ús earste stik True West ûnder rezjy fan Dirk de Vries dy der in prachtige foarstelling fan makke hat. Dit jier in folslein oar stik, dizze kear ûnder rezjy fan Sylvia Beintema. It humoristyske, wat absurdistyske stik ‘Kamelen’. Wer in prachtige útdaging. Fanôf nul begjinne om úteinlik hooplik wer in tige slagge foarstelling del te setten. Of ús dat slagget? Dêr kinne jim sels oer oardielje. Ik ha der yn elk gefal in hiel soad nocht oan!
Sylvia Beintema
- Rezjy
As stjerrebyld bin ik in twilling. Miskien fyn ik it stik ‘Kamelen’ dêrom sa moai om te dwaan, want it getal 2 is belangryk. 2 fantatyske spilers, In kameel hat 2 bulten en yn it stik sitte 2 wurklikheden: in echte en ien fan de ferbylding. Ik regissearje al aardich wat jierren rûnom yn Fryslân, mar sa ’n absurd stik as Kamelen ha ik noch net earder dien. Doe Chris en Theo my fregen foar dit stik ha ik gjin minút twifele. Wat wolle je as regisseur noch mear. Dat jimme komme fansels. Wat foar stjerrebyld jim ek binne.
Henk Jan Krijgsman
- Technyk
Ek dit jier is it ljocht en lûd wer yn hannen fan Henk Jan Krijgsman fan FRL Producties. Yn 2020 hat hy syn bedriuw opset. De ôfrûne jierren hat Henk Jan op ferskate eveneminten stien om dêr de moaiste ljocht-en lûdplaatsjes te meitsjen. Wy binne as TC Teater dêrom ek wer tige bliid dat FRL Producties de foarstelling ‘Kamelen’ ôfmakket mei syn profesjonele technyk.
Hjirûnder de resinsje fan Kamelen. Skreaun troch Jelle Terwal fan it Friesch Dagblad.