Oer ús
Wy, Chris Marijt en Theo Jager, woenen sels ris in stik op poaten sette. Om dit te realisearjen hawwe wy Stifting TC Teater oprjochte. Tegearre mei Mayra Marijt foarmje wy it bestjoer. Mei TC Teater hawwe wy yn oktober 2023 ús earste produksje op tou setten. De Fryske premjêre fan True West. Op 19, 20, & 25 oktober 2024 spile wy de Fryske premjêre fan 'Kamelen'. Dizze foarstelling is op 17 oktober 2025 foar ien kear in reprize gongen yn Boalsert. Yn it neijier fan 2026 komt TC Teater mei de Fryske premjêre fan 'De leafde begrave' fan Peter de Baan yn de Fryske oersetting fan Gurbe Dijkstra.
Wy hoopje dy te sjen by ien fan ús foarstellingen!
It bestjoer
Chris Marijt
Oprjochter & foarsitter fan
TC Teater.
Theo Jager
Oprjochter & ponghâlder fan
TC Teater.
Mayra Marijt
Produksjelieder & sekretaris fan
TC Teater.